Language: Nederlands Frysk English Dansk


Silo-King

Wat is Silo-King?

Siloking is in kúlmiddel om rûchfoer en nôt te behanneljen 

Heechkwalitatyf foer is de meast weardefolle faktor yn in suksesfol foerprogramma. It kin it ferskil meitsje tusken winst en ferlies.

Troch 30 jier fan kontinu ûndersyk en ûntwikkeljen is Silo-King de mjitstêf foar kúlmiddels. Wylst de measte konkurrinten in 1-diminsjonale oanpak biede, jout Silo-King in “5-stjerre”-oplossing.

Skaaimerken                                                                               

Skaaimerken foardielen

  • brekt fezels ôf - ferheget de fertarberens
  • ferleget pH - ferbetteret de konservearring
  • ferbetteret de fertarberens fan de selwân - hegere enerzjy
  • ferminderet ynsletten soerstof - beheint opwaarmjen, wat helpt om bedjer foar te kommen
  • kontrolearret en bestjoert positive fermintaasje – redusearret droegestofferlies en ferbetteret de smaak

Gearstalling
Silo-King foeget oan it foer ta: in kombinaasje fan antyoksidanten, kaliumsorbaat, ensimen en mearfâldige kettings fan selektearre molksoerbaktearjes. Silo-King stimulearret fluch in kontrolearre fermintaasje, redusearret opwaarmjen en ferbetteret de fertarberens ûnder ûnderskate kondysjes. 

Clinoptilolite

  • bynt mysotoksinen
  • bynt kalium
  • bynt ammoania (NH4) = minder uream yn it bloed en yn de loft
  • ferminderet de sprieding fan skimmels
  • ferbetteret de bistesûnens, fruchtberens en produktiviteit
  • ferheget de ymmuniteit
  • hat in biningskapasiteit de kilogram fan 8500 miligram NH4 en in grut oerflak (1 gram = 360 m2)
  • bynt troch de lytse struktuer gjin weardefolle yngrediïnten lykas fitaminen, spoare-eleminten, aminosoeren ensfh.
  • is gjin behindering foar alle yngrediïnten yn it foer

SiO2    silisiumokside              70,9 %
Al2O    aluminiumokside         12,4 %
Fe2O3 izerokside                     1,21 %
K2O     kaliumokside                4,46 %
MgO    magnesiumokside        0,83 %
Na2O   natriumokside              0,28 %
CaO     kalsiumokside               2,54 %
TiO2    titaniumokside             0,089 %
MnO    mangaanokside          <0,01 %
P2O5   fosforokside                 0,02 %
LOI                                              7,20 %
Totaal                                         99,9 % 

Wichtichste útwikselbere katioanen, yn folchoarder fan opnimberens:
K, NH4, Na, Ag, Cd, Pb, Zn, Ba, Sr, Cu, Hg, Fe, Co, Gr, Mg

Primêr absorbearre gassen:
CO, CO2, SO2, H2S, NH3, C2H2, CH3OH, CH3NH2, CH3Cl, H3Br

Advisearre dosearring is 100 gram de dei

It produkt wurdt yn pallets fan 40 pûden (25 kilogram it stik) levere

 

Spirit Lactation

It probleem
It ferfangingspersintaazje fan de Nederlânske melkfeehâlderij leit yn trochsneed op 35 %. De trochsneed Nederlânske melkko hellet mar trije laktaasjes. Soks wurdt ûnder oaren feroarsake troch in protte problemen op it stik fan fruchtberens en sûnens. Te faak begjinne kij de laktaasje mei (slepende) molksykte en rint de tuskenkealtiid op oant oer de 400 dagen. It ynseminaasjetal is yn de rin fan de jierren grutter wurden fan 1,5 nei 2,1. Soks bewiist dat wy noch net op it goede paad binne yn Nederlân. Klauproblemen en/of mastitis wurde op (sawat) alle bedriuwen sinjalearre. De kij wurde al ier ôffierd. Ek in soad fruchtberens- en sûnensproblemen kinne foarkaam wurde troch it tatsjinjen fan organyske spoare-eleminten en mineralen.

De Oplossing
Spirit Lactation befettet mineralen dy’t essinsjeel binne foar:

  • it fersoargjen fan it ymmúnsysteem
  • stimulearjen fan groei en ûntjouwing
  • tanimmen fan de molkproduksje
  • ferbetterjen fan de fruchtberens en reproduksje

Spirit Lactation follet tekoarten oan dy’t ûnstean by de makrofieding. Spirit Lactation befettet organyske mineralen en spoare-eleminten dy’t foar mear as 90 % absorbearber binne. Spirit Lactation befettet de natuerlike spiisfertarringsensimen sellulase, lipase, protease en amylase. Dy ensimatyske stimulâns yn de fertarring stelt it bist by steat om mear nutriïnten út deselde poarsje foer te fertarren en te absorbearjen.

Resultaten

Skaaimerken 

Spirit Lactation:

  • ferheget de molkproduksje.
  • ferheget de wjerstân en dêrmei de sûnens fan de bisten.
  • ferleget it seltal.
  • ferleget it ureumgehalte.
  • ferbetteret de fruchtberens.

Gêstekstrakten

It ferfangingspersintaazje fan de Nederlânske melkfeehâlderij leit yn trochsneed op 35 %. De trochsneed Nederlânske melkko hellet mar trije laktaasjes. Soks wurdt ûnder oaren feroarsake troch in protte problemen op it stik fan fruchtberens en sûnens. Te faak begjinne kij de laktaasje mei (slepende) molksykte en rint de tuskenkealtiid op oant oer de 400 dagen. It ynseminaasjetal is yn de rin fan de jierren grutter wurden fan 1,5 nei 2,1. Soks bewiist dat wy noch net op it goede paad binne yn Nederlân. Klauproblemen en/of mastitis wurde op (sawat) alle bedriuwen sinjalearre. De kij wurde al ier ôffierd. Ek in soad fruchtberens- en sûnensproblemen kinne foarkaam wurde troch it tatsjinjen fan organyske spoare-eleminten en mineralen.

 

Gearstalling

rûchaaiwyt 12,80 %               
rûchfet 10,70 %
rûge selstof 5,80 %
rûge jiske 15,51 %
kalsium 0,88 %
fosfor 0,54 %
magnesium 1,08 %

tafoege de kg:
natrium 0,30 %
koper út kopergelaat 2.090 mg
sink út sinkgelaat 8.340 mg
mangaat út mangaatgelaat 4.170 mg
kobalt 2.000 mg
fitamine A 600.000 IE/kg
fitamine D3 24.000 IE/kg
fitamine C 400 IE/kg
fitamine E alfa-tosoferol 500 mg

Dit produkt befettet patintearre MAAC (Metal Amino Acid Chelates)

 

Fiedingsadvys
Foar melkkij yn laktaasje: 25 gr. it bist de dei
Foar melkkij dy’t droech stean: 15 gr. it bist de dei.

Fan dit fiedingssupplemint mei omreden fan de hege gehalten oan spoare-eleminten net mear as 50 gram de melkko de dei fuorre wurde.

Spirit Enzym

Jantina 148

Eigner: Mts. Douma Gerkeskleaster
Laktaasjenûmer 4 op 246 dgn
In produksje fan 31,5 kg molke/dei
Ferwachte 305-dageproduksje: 12711 kg molke

Dat is wat wy bedoele mei duorsumens!

 

Skaaimerken 

  • fersterkjen fan it ymmúnsysteem
  • ôfremjen fan de groei fan patogene mikro-organismen
  • better rendemint fan it rantsoen
  • resistinsje tsjin baktearjes
  • fluch opbetterjen fan de termfloara by rantsoenwikselings

Polypeptiden en ensimatyske peptiden

  • Untstekkingsremjende wurking
  • Ymmuniteitferheegjend
  • Ferbettering algemiene sûnensstatus
  • Mear sin oan iten
  • Beskerming fan de lever
  • Bloeddrukferleegjend

Amylase/Lipase/Protease/Sellulase

  • Ferbettering fertarring

Natuerlike antyoksidanten út selenium en Fitamine E

  • Untstekkingsremjende wurking
  • Ferbettering orgaanûntjouwing
  • Reproduksjeferheegjend
  • Groeibefoarderjend
  • Reduksje mastitis

Omega-3 fetsoeren

  • Untstekkingsremjende wurking
  • Stressferleegjend
  • Ferbettering orgaanûntjouwing
  • Bettere foereffisjinsje
  • Ferbettering fruchtberens

Ekstra Kobalt

  • Ferbettering pânsewurking
  • Befoardering enerzjymetabolisme

Resultaten

Nôt(by)produkten, droege fuorgewaaks, oaljehâldende siedden, mineralen

focht 8,8 %
rûchaaiwyt 22,90 %
rûchfet 6,9 %
rûge fezels 6,6 %
rûge jiske (5,4 %
kalsium 0,54 %
fosfor 0,83 %
magnesium 0,27 %
natrium 0,10 %

Tafoege de kg:

kobalt

Fiedingsadvys

As fiedingssupplemint foar alle bistesoarten oant op syn heechst 0,25 gram de kg lichemsgewicht jaan.

Tapassing

Jaan:

  • Alle dagen 15 gram de ko de dei.
  • In wike fóar oant in wike nei rantsoenwikselings 25 gram de ko de dei.
  • By it opstarten fan de farske kij 4 dagen lang 50 gram de ko de dei.
  • Nei antibioatika 3 dagen lang 50 gram om termfloara te aktivearjen.
  • By molksykte 3 dagen lang 50 gram.

Spirit Calf

Skaaimerken

  • ier opnimmen fan rûchfoer en krêftfoer
  • de algehiele wjerstân
  • ûntjouwing fan de pânse
  • ensymproduksje
  • ôfremjen fan patogene mikro-organismen
  • it benutten fan it rantsoen
  • resistinsje tsjin baktearjes

Resultaten

Ekstra fieding fan:

Koper

  • wurksum bestândiel ensimen nedich foar in optimale fertarring
  • ynfloed op ôfwarmeganisme
  • befoarderet ûntjouwing keal

Sink

  • ferbetteret it ôfwarmeganisme
  • positive ynfloed op sin oan iten en foereffisjinsje
  • befoarderet de groei en wjerstân fan it bist

Kobalt

  • essinsjeel bestândiel fan fitamine B12
  • fitamine B12 hat in ferheegjende wurking op it opnimmen fan droege stof
  • ferbetteret pânsewurking
  • befoarderet it enerzjymetabolisme fan de wjerkôger

Gearstalling

Spirit Calf befettet:

  • de natuerlike ensimen lipase, amylase, en sellulase, dy’t de fertarring befoarderje. Dy ensimen soargje derfoar dat der mear fiedingsstoffen út deselde poarsje foer opnaam wurde
  • natuerlike groeibefoarderers
  • organyske mineralen en spoare-eleminten, dy’t foar mear as 90 % absorbearber binne. Dizze mineralen optimalisearje de fertarring en it ymmúnsysteem, sadat der gjin steuring foarfalt yn de ûntjouwing
  • krûden dy’t in natuerlike stipe oan de pânse en termfloara jouwe

‘’No: ferbettere ûntjouwing fan de pânse
Letter: enoarme rûchfoerferwurking’’

focht 8,4 %
rûchaaiwyt 30,1 %
rûchfet 9,3 %
rûge selstof 5,0 %
rûge jiske 7,8 %
kalsium 0,54 %
fosfor 0,76 %
magnesium 0,23 %
natrium 0,18 %

tafoege de kg:

koper 300 mg
sink 300 mg
kobalt 200 mg

Fiedingsadvies

As fiedingssupplemint foar keallen troch it foer minge. Under de opfok alle dagen 20 gram oan it rantsoen tafoege. Jou 3 dagen lang 30 gram Spirit Calf Promotor nei in antibioatikabehanneling om opbetterjen fan termfloara te befoarderjen.

Fan dit fiedingssupplemint mei, omreden fan de hege gehalten oan spoare-eleminten, net mear as 50 gram it keal de dei fuorre wurde.

Dry Cow Tubby 

It probleem
Alle sûchdieren kinne de foetus foarsjen fan fiedingsstoffen dy’t nedich binne foar de ûntjouwing yn it liif. As de dracht foarderet, nimt de fraach fan it ûnberne bist bot ta; de fraach is it grutst yn de lêste wiken fan de dracht. Om oan dat ferlet de foldwaan, sil it nivo oan ‘micro nutritions’ heger wurde moatte yn de rin fan de dracht.

It ferlet is it grutst yn de moannen 8 en 9. Spitigernôch wurde dy krúsjale moannen gauris assosjearre mei sawat in ‘úthongerrezjym’: yn it bêste gefal minne kúl en yn guon gefallen strie en wetter. Soks is goed om foar te kommen dat de drachtige ko tanimt yn kondysje, mar op bedriuwen dêr’t al tekoarten oan mineralen en spoare-eleminten bestean, leit ûnderfieding op de loer. Net allinne de kij sille derfan te lijen ha, mar ek de ûnberne keallen. Dêrom moatte wy mear omtinken jaan oan de fieding fan de droechsteande ko en drachtige rierren, want:

Fale by it tarieden is it tarieden fan it falen!
Pykabsorpsje
feroarsake troch ‘SUPER RETENTION’

Sakjen feroarsake troch tanimmen fan konsintraasje spoare-eleminten yn it rantsoen troch it fuorjen fan in gruttere ferhâlding oan krêftfoer yn de pyk fan de laktaasje

Oplossing

De katioan-anioanbalâns

In wichtich aspekt by de fieding fan de droechsteande ko is de katioan-anioanbalâns. Krekt foar droechsteande kij binne mineralen as Swevel (S), Gloar (Cl), Kaly (K) en Natrium (Na) fan grut belang. Mei de katioan-anioanbalâns (meq) wurdt de ferhâlding oan dy mineralen en spoare-eleminten yn de fieding werjûn. In negative katioan-anioanbalâns fan -10 oant -15 meq is optimaal foar droege kij.

Previnsje fan molksykte troch:

  • manipulaasje fan it rantsoen
  • ferleegjen fan it Ca-nivo yn it rantsoen
  • tapassen fan de katioan-anioanbalâns
  • in ‘strangere’ kalsiumbeheining is normaalwei net mooglik, om’t soks de balâns fan oare nutriïnten fersteurt. Troch it jaan fan Dry Cow Tubby Slikstiennen + Spirit Lactation krije de droechsteande kij de nutriïnten dy’t se nedich ha.
  • It ideale droegekijmanagement
  • Droechsette. Strie en wetter foar in wike

 

Skaaimerken

Dry Cow Tubby

  • is ornearre foar droechsteande kij (mei keal) en boppedat tige gaadlik as tarieding op it ôfkealjen en in probleemleaze laktaasje by rierren.
  • befettet organyske sink om de klauwen te reparearjen
  • befettet SPIRIT LACTATION om de bjistkwaliteit te optimalisearjen en de sûnens fan ko en keal te ferbetterjen
  • foarkomt molksykte troch de goede kalsium-fosforferhâlding
  • wurdt ad libitum opnaam

Gearstelling

Dry Cow Tubby mei Spirit Lactation

fosfor 4,3 %
kalsium 0,62 %
natrium 10,20 %
magnesium 8,20 %
izer 1,300 mg/kg
mangaan 3,100 mg/kg
joadium 1,800 mg/kg
sink 2,600 mg/kg
koper 1,300 mg/kg
kobalt 250 mg/kg
selenium 30 mg/kg
fitamine A 250 iu/kg
fitamine D3 100 iu/kg
fitamine E 1,000 iu/kg
fitamine B kompleks x
Alivet + Omega 3

It probleem

Hjoed de dei ha weiders en melkkij in tige heech genetysk potinsjeel. Mar troch de beheinde enerzjytichtens fan in kilogram droege stof wurdt mei de konvinsjonele fiedingsstoffen net oan har fiedingsferlet foldien.

Foarbyld: enerzjybalâns fan heechproduktive melkkij

Yn de iere laktaasje is der in oanmerklike negative enerzjybalâns. By it fuorjen fan konvinsjonele fiedingsstoffen – sels grutte poarsjes nôt – wurde melkkij twongen om fet te mobilisearjen.

De gefolgen:

  • metaboalyske stress (ketosis)
  • sakjen fan it pH yn de pânse (asidosis)
  • lege molkproduksje
  • minne fruchtberens
  • hege feterinêre kosten
  • eardere eliminaasje fan de bisten
  • leger saldo

Skaaimerken 

Alifet:

  • is folslein pânsestabyl, by hokker pH dan ek
  • hat gjin effekt op de fermintaasjeprosessen yn de pânse
  • soarget – mei tank oan de mikroskopysk lytse struktuer – foar in flugge passaazje troch de foarmagen
  • makket it fuorjen fan fet mooglik by wjerkôgers
  • rûkt noflik
  • hat in oangename smaak
  • sil fuortdaalk opnaam wurde, sels yn de suvere foarm

                                                          THE COWS LOVE IT!!!

Foarbyld: molkproduksjepotinsjeel, basearre op enerzjy.
Ferliking tusken en konvinsjonele fiedingsstoffen. (grafyk)

Resultaten

Foarbyld: molkproduksjepotinsjeel, basearre op enerzjy.
Ferliking tusken en konvinsjonele fiedingsstoffen. (grafyk)

Gearstalling

analyze                                                   omega-3
fet (tryglyseriden)         99.0 %             90.0 %           
jiske (silikaat)                0.8 %               9,5 %
maks. focht                    0.2 %               5,0%   

 

Enerzjywearden

TDN                                     207 %              188 %
Metaboalyske enerzjy        34,7 MJ/kg       31,3 MJ/kg
VEM                                   3400                3090

fiedingsadvys

  • Melkkij 300-1000 g/dei
  • Weidbisten 300-500 g/dei

Mysotoksine 

Probleem

Mysotoksinen kinne by kowefee grutte problemen feroarsaakje!

Mysotoksinen binne giftige stofwikselingsprodukten, dy’t foarme wurde troch skimmels. De toksinen kinne ûnder it groeien fan gewaaks en ûnder de opslach fan it fuormiddel foarme wurde. Gewaaks dat gefoelich is foar toksinefoarmjende skimmels binne gers- en nôtsoarten lykas mais, weet, garst en hjouwer.

Skea troch mysotoksinen

Mysotoksinen kinne by kowefee grutte problemen feroarsaakje: fermindering fan de wjerstân, groeisteurings, sakjen fan de produksje ensfh., deselde symptomen dy’t ek by sliderjende kij foarkomme. Ek kinne guon toksinen ôfbraak fan orgaanweefsel, ynterne bliedings, drachtigensproblemen, nier- en leverbeskeadigings en fergiftiging feroarsaakje. By ynfeksje hat de folsleine feesteapel problemen. Mysotoksinen binne yn lytse konsintraasjes al skealik.

Wêr’t jo oanwizings fine kinne foar mysotoksinen by kij:

  • aflatoksine M1 yn de molke
  • deistich opnimmen fan foer
  • molkjefte en -kwaliteit
  • problemen mei de urinewegen
  • % abortus
  • Kij mei skansearre fagina’s
  • fruchtberenssyklus
  • % weromkommers

myco-ad A-Z

Mysotoksinen wurde troch Myco-Ad A-Z bûn en ôffierd!

Breedspektrum fan Aflatoksine oant en mei Searalenon

Hege netto Adsorpsje fan ûnder oaren: DON > 60 % en ZEA > 69%

Myco-Ad A-Z absorbearret gjin fiedingsstoffen

Tige lege dosearring fan mar 20 gram de ko de dei

AgriMest  

Wat is AgriMest?

AgriMest is in natuerlik mineralemingsel. It helpt om yn driuwdong wichtige biogemyske prosessen op gleed te bringen. AgriMest stimulearret de groei fan mikro-organismen, dêrûnder baktearjes dy’t organyske stikstof omsette yn ammoniakale stikstof.

Gefolch: stikstof bliuwt behâlden wylst de driuwdong ferbetteret. De bûne ammoniakale stikstof komt foar it gewaaks earder en lykmjittiger frij en wurket effektiver.

(driuw)dongferbetterer 

AgriMest keart koarstfoarmjen en rook- en ammoniakemisjes effektyf op en stjoert mikrobiologyske prosessen oan. Dong dy’t behannele wurdt mei AgriMest hat by tapassen méar enerzjy foar it boaiemlibben. En befettet méar mineralen foar it gewaaks. Barge-, kowe- en plomfee(driuw)dong dy’t behannele is mei AgriMest is in treflik produkt foar gebrûk op it eigen bedriuw en in goed rinnend produkt foar ôfsetten yn bygelyks de lânbou.

Boaiemopbetterer
In protte sân-, fean- en klaaiboaiems ha al jierrenlang te lijen fan minne driuwdong en in oerdoasis oan keunstdong. Gefolch: hege mineraalferliezen, ûnbalâns yn de boaiemfruchtberens en in produktkwaliteit dy’t mooglik lang gjin sprekken lije kin. Dat konkludearje ûndersikers fan Wageningen. AgriMest trochbrekt dy negative spiraal. Binnen in pear jier sjogge jo it ferskil.

minder keunstdong nedich
AgriMest helpt om de oarspronklike boaiemsituaasje wer benei te kommen. Behannele driuwdong betteret it boaiemlibben op yn de gersseadde fan greidbuorkerijen en yn de boufuorge fan lânbouwers. Mei tank oan in bettere wurking fan de stikstof en it behâld derfan is in oanmerklike fermindering fan de keunstdongjefte mooglik.

ûndersyk nei agrimest

Wageningen Universiteit & Researchcentrum (2006):

Mei AgriMest behannele driuwdong ferliest yn 56 dagen mar 0,10 % N. Unbehannele driuwdong rekket mar leafst 0,75 % N.

driuwdong                  stikstof dei 0   stikstof dei 56             N-mineraal dei 0         N-mineraal dei 56
behannele mei agrimest         4,05 %                        3,95 %            18,25 g/kg ds             17,93 g/kg ds
ûnbehannele                             4,06 %                        3,31 %            17,95 g/kg ds             10,14 g/kg ds

Konklúzje: Mei tank oan AgriMest bliuwt stikstof yn minerale foarm yn de driuwdong behâlden.

Van Hall Instituut Ljouwert (2005): ûndersyk oan gerslân lit sjen dat it brûken fan AgriMest oer ferskate jierren in heger gehalte oan rûchaaiwyt opsmyt. Soks is geunstich foar de foerwearde en de fertarberens foar (melk)fee. Boppedat befêstige it ûndersyk dat dong dy’t mei AgriMest behannele is, better floeiber bliuwt, minder stjonkt en méar ammoniakaal bûne stikstof befettet. Rekkenje jo dêrom mei ekstra neileverjen fan stikstof út dong.

BLLG Oosterbeek (2006): grûnûndersyk by in Fryske lânbouwer (100 ha) befêstige de stiging fan it N-neileverjend fermogen. Dat ferfjouwerfâldige (!) nei’t fiif jier lang AgriMest driuwdong brûkt waard.

Skaaimerken

De foardielen fan AgriMest foar jo op in rychje:

  • Behâld fan stikstof troch ammoniakbining.
  • Sakjen fan it keunstdongferbrûk
  • De homogeniteit fan jo driuwdong ferbetteret: it oankoekjen is oer.
  • Fermindering rook- en ammoniakemisjes: miljeuwinst.
  • In bettere mjuksberens troch ferleegjen fan it ds-gehalte fan jo dong.
  • In hegere foerwearde fan gers troch meár rûchaaiwyt.
  • Stiging fan de Onbestendig Eiwit Balans yn gers.
  • It oanpart heger Darm Verteerbaar Eiwit yn gers stiget.
  • Aaiwytgearstalling gers feroaret: positive effekten op ureumgehalte yn molke.
  • In soad lânbougewaaks ripet flugger ôf.
  • Kostpriisferleging yn lânbou en feehâlderij.

... Ut analyzes docht bliken dat in ferskowing syn beslach krijt: de hoemannichte organyske stikstof ferminderet, wylst de ammoniakale stikstof stiget. Ammoniakale stikstof bliuwt makliker yn de floeibere oplossing fan de behannele dong. Soks is geunstich foar boaiem en gewaaks...

       ‘’AgriMest: in sterk merk foar ferbettering fan jo driuwdong’’

       Om produkten te bestellen gjin dan nei use Webshop